Welcome to The Village 2015

maart 31, 2015 15:35

Mei inoar meitsje, dat stiet sintraal by Welcome to The Village. Sa ek it muzykprogramma, dêrom host it renommearre muzykplatfoarm Subbacultcha ien fan de poadia wilens Welcome to The Village 2015, dat fan 17 oant en mei 19 july plakfynt yn de Groene Ster, efkes bûten Ljouwert. Under mear The Growlers, Tijuana Panthers en Cherry Glazerr binne dêrta befêstige. Wykeinkaarten koste € 85,- en binne te krijen fia welcometothevillage.nl.

Subbacultcha en Welcome to The Village kundigje seis nammen oan foar it Subbacultcha-poadium op de lêste dei fan ‘t festival: The Growlers, Tijuana Panthers, Cherry Glazerr, Mountain States, Jerry Paper en The Homesick.

Programma meitsje dogge wy tegearre mei freonen: publyk en mei spesjalisten lykas Subbacultcha’, – seit assistint-programmeur Peter Dijkstra. ‘Sy biede al tsien jier poadium oan de bêste fernijende alternative muzyk, dêryn fersterkje sy inoar. Dit programma is in dwerstrochsnee fan bands dy’t wy as fertsjintwurdigers fan de opkommende en alternative indie beskôgje’.

Keimpe Koldijk, programmeur fan Subbacultcha leit út: ‘Wy fiele ús mei Subbacultcha tige oanlutsen ta Welcome to The Village. Troch de wize wêryn’t it emsels presintearret: net allinnich as in platfoarm foar ûnôfhinklik talint, mar miskien noch wol ‘t meast as platfoarm foar lokale eigensinnige foarstellings en ûndernimmers dy’t wat doare. By Subbacultcha stiet dat gedachteguod ek foarop’.

Op ‘t programma bands út de Feriene Steaten, Nijmegen en Dokkum. The Growlers, grûnlizzers fan it sjenre Beach Goth en de trije mannen fan Tijuana Panthers komme út Kalifornië. Ek út de FS komt Cherry Glazerr, dy’t yn eigen lân debutearre op it ferneamde Burger Records. Buorjonge fan Cherry Glazerr is Jerry Paper, dy’t as ‘the face of auth’ wurdt bestimpele. Ut Nijmegen komt de frisse dreampop fan Mountain States, út Dokkum-Noard komme de post-punk-baaskes fan The Homesick.

Welcome to The Village fynt fan 17 oant en mei 19 july 2015 foar de tredde kear plak yn ‘t prachtige gebiet de Groene Ster. De earste twa edysjes wienen útferkoft. De kaarten foar Welcome to The Village 2015 binne fia welcometothevillage.nl te krijen. Wykeinkaarten kostje € 85,-, der binne ek deikaarten te krijen.

maart 31, 2015 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.