Staveringssurprizes 9: ‘de midsieuske Sieu’

maart 8, 2015 11:00 Fernijd

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 9: ‘de midsieuske Sieu’

It Fryske wurd foar in perioade fan hûndert jier wurdt yn alle neislachwurken en ek yn de Steatestavering fan 1980 skreaun as ‘ieu’. Dat mei net yn de nije Akademy-stavering. Dy skriuwt it wurd as ‘iuw’.

De letterkombinaasje ‘ieu’ wurdt yn de Akademy-stavering helendal net mear brûkt foar it twilûd. Hy is dêrfoar konsekwint ferfongen troch ‘iuw’, wat liedt ta nije skriuwwizen lykas ‘njoggentjinde-iuwsk’, ‘midsiuwen’, ‘Hebriuwsk’, ‘Siuwsk’ en ‘kiuw’.

De letterkombinaasje ‘iuw’ wurdt no, yn alle gefallen yn myn Noardeasthoeksk, foar twa útspraken brûkt: yn ‘iuw’ rimet er op it Nederlânske ‘nieuw’ en yn ‘skriuw’ op ‘hallo’.

 

maart 8, 2015 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.