Staveringssurprizes 8: ‘oanskôglik ûnderwiis’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 8: ‘oanskôglik ûnderwiis’
Wa’t yn it Wurdboek fan de Fryske Taal, it Frysk Wurdboek of it Prisma woordenboek F-N/N-F sjocht, fynt dêr de skriuwwize oanskôglik.
De kar tusken g en ch foar de achterheaksels -lik en -ber is yn de wurdboeken net sa systematysk. By de Afûk is dêrom in regel yn gebrûk dy’t wat oarder yn ‘e gaos skeppe moat. It Afûk-learboekje Stavering fan F.B. Dykstra skriuwt:
“Foar -ber en -lik jildt de regel:
foar -ber wurdt altyd ch stavere;
foar -lik wurdt ch stavere, as de stam fan it wurd dêr’t it fan ôflaat is útgiet op -ch, sa net: dan -g (-glik).”
De stam fan ‘oanskôgje’ is ‘oanskôg’ en Dykstra syn regel liedt dus ek ta de skriuwwize ‘oanskôglik’, sa’t dy yn de wurdboeken stiet. Dy skriuwwize mei net yn de nije Akademy-stavering.
De nije Akademy-stavering hat in regel dy’t in soad op Dykstra sines liket, mar dêr’t ôfliedingen fan tiidwurdstammen op -g net mear mei regele wurde:
“by tiidwurdstammen op –ch yn ôfliedingen mei it efterheaksel –ber, nei analogy fan ôfliedingen mei it efterheaksel -lik:
– ch foar it efterheaksel –ber wurdt útsprutsen as /g/ en skreaun as ch (draachber)
– ch foar it efterheaksel –lik wurdt útsprutsen as /x/ en skreaun as ch (draachlik)
Opmerking: bûten dizze regel falle de wurden daagliks, deeglik, mooglik (gjin tiidwurdstam).” (regel 2.3.1.d)
Wat krekt de reden is dat de nije Akademy-stavering foar de skriuwwize ‘oanskôchlik’ kiest, is my ûndúdlik. Blykber is de útspraak liedend, al freegje ik my ôf oft ‘oanskôchlik’ wol echt mei in stimleaze /x/ útsprutsen wurdt. Neffens my brûk ik in stimhawwend bylûd. Hoe dan ek, der is in nije regel en de skriuwwize is dêrtroch oars as wenst wie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje