Staveringssurprizes 7: ‘in hollannisme’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 7: ‘in hollannisme’
Skriuwe jo hollan(n)isme no mei ien n of mei twa? Der is wol faker oer diskusjearre. Ik ha yn 2010 foar it Afûk-learplatfoarm eduFrysk in stikje oer it ûnderwerp skreaun. Myn foarkar gong út nei de stavering mei twa n‘en. Wa’t witte wol wêrom, dy kin it stikje hjir fine:
http://www.henkwolf.nl/lytsguod/#hollanisme
Myn foarkar wurdt dield troch J.W. Zantema syn Frysk Wurdboek F-N en de skriuwwizer Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan. Yn de nije Akademy-stavering mei dy stavering net mear. De Akademy hat keazen foar hollanisme mei ien n en set in reade streek ûnder de skriuwwize mei twa.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje