Staveringssurprizes 6: ‘op it Hearrenfean’

maart 5, 2015 11:00 Fernijd

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 6: ‘op it Hearrenfean’

Moat it wurdsje it yn it Hearrenfean in haadletter krije? Okkerdeis haw ik dêr foar De Moanne in stik oer skreaun. It is hjir te finen:

http://www.demoanne.nl/op-hearrenfean-op-hearrenfean/

De foarkarren fan Fryskskriuwers ferskille, mar de gemeente sels skriuwt it Hearrenfean mei in lytse letter. Dat mei net yn de nije Akademy-stavering. Op taalweb.frl is ûnder 16.3.a fan de Paadwizer Stavering te finen:

“nammen fan plakken, geaen, lannen, bergen, rivieren, stjerren, planeten ensafuorthinne wurde mei in haadletter skreaun; as it lidwurd ûnderdiel fan de namme is, wurdt dat ek mei haadletter skreaun: […] De Westereen”

As ien der net wis fan is oft de regel ek foar it/It Hearrenfean jildt, dan jout de folgjende ferwizing ûnder 16 útslútsel:

“It al of net skriuwen fan in haadletter is bûn oan in grut tal regels en útsûnderingen dêrop. It is lestich om dy yn syn totaliteit út de holle te learen. Faak sil de Foarkarswurdlist útslútsel jaan moatte.”

De wurdlist skriuwt ‘It Hearrenfean’ mei twa haadletters foar. De tekst op ‘e gemeentebuorden is dus net neffens de nije Akademy-stavering.

Boarne kranteberjocht: Ljouwerter Krante, 21 novimber 1989

maart 5, 2015 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.