Staveringssurprizes 5: ‘in brêge tusken Skandinaavje en Grut-Brittanje’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 5: ‘in brêge tusken Skandinaavje en Grut-Brittanje’
Yn it boekje Stavering fan F.B. Dykstra, dat by de Afûk brûkt wurdt, stiet it folgjende oer de stavering fan ierdrykskundige nammen:
“In soad nammen fan lannen einigje yn it Nederlânsk op ië. Yn it Frysk wurdt dy foarm ek brûkt, mar in Fryskere foarm hat de foarkar:
Nederlânsk: Frysk:
Scandinavië Skandinaavje”
Der wiene in soad ierdrykskundige nammen dy’t skreaun wurde koenen op -aavje, -aanje, -eenje ensfh.
Dy nammen meie net yn de nije Akademy-stavering. Op taalweb.frl stiet yn de Paadwizer ûnder punt 6.2.e oer trema’s: “De Foarkarslist jout útslútsel.” De fraach is dan fansels oft Skandinaavje beskôge wurdt as in oar (net-standert-)wurd of as in ferbeane staveringsfoarm. Ut in proefke mei de staveringshifker docht bliken dat dat lêste it gefal is. Alle staveringen op -je krije in reade streek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje