Staveringssurprizes 4: ‘it fallisemint fan it fûllearbelied’

maart 3, 2015 11:00

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 4: ‘it faillisemint fan it fûllearbelied’

De âlde neislachwurken binne it net iens oer de stavering fan Frânske lienwurden. Binnen ien wurdboek is der ek net altyd in dúdlike systematyk foar. Sa binne der ferskate Frânske wurden mei –ill- deryn dat útsprutsen wurdt as in j. Yn it Nederlânsk wurdt de Frânske stavering safolle mooglik oanholden: gedetailleerd, fouilleren, bouillon, failliet.

Yn it Frysk waard de i yn sokke gefallen soms wol skreaun en soms net. De âlde staveringsregels wienen net sa dúdlik oer oft dat wol of net moast. Sa fine wy yn it Frysk Wurdboek N-F fan W. Visser:

bouillon, bûljon, bûllon
failliet, fallyt
fouilleren, fûllearje
gedetailleerd, detaillearre, detailleard

De stavering sûnder i mei net yn de nije Akademy-stavering, útsein by fallyt en fallisemint. Ik kin der net in dúdlike regel foar fine. De nije Akademy-stavering hat likegoed minder dúdlike regels foar it staverjen fan lienwurden as de regeling fan Deputearre Steaten út 1982. Wat de ûnderlizzende regels ek binne, de staveringshifker jout de staveringsfarianten sûnder i in reade streek.

De foarmen bûillon en bûllon krije trouwens beide in reade streek. Ik bin der net wis fan wêrom oft dat sa is, mar ik tink dat de makkers fan de staveringshifker de ferfryske útspraak bûljon brûkt ha en fergetten binne dat dat wurd ek faak op syn Frânsk sûnder l-klank útsprutsen wurdt. By de kar foar fallisemint spilet miskien itselde: dat kin útsprutsen wurde mei in l-klank, mar ek mei in j-klank. Mei dy lêste útspraak is dan gjin rekken hâlden. By medaille/medalje binne beide farianten wol opnaam, mei medaille as net-standertfariant.

Foto: Wikipedia (CC)

maart 3, 2015 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.