Staveringssurprizes 3: ‘ôfbrekregels’

maart 2, 2015 11:00 Fernijd

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 3: ôfbrekregels

Ik sil it fuort mar sizze: ôfbrekkingsregels ynteressearje my neat en ik begryp net folle fan minsken dy’t elk detail fan it libben yn regels jitte wolle. Mar om’t ik der foar myn wurk wolris op korrizjearje moat, haw ik de regels leard dy’t de Afûk oan syn kursisten foarskriuwt foar it ôfbrekken fan wurden oan ‘e ein fan in rigel. De Afûk en Rienk de Haan yn syn boek Mei freonlike groetnis binne by myn witten de iennichste autoriteiten dy’t earder regels opsteld hie foar wurdôfbrekking, mar op taalweb.frl hat de Fryske Akademy dat no ek dien. De regels fan de Afûk, Mei freonlike groetnis en de Akademy komme net folslein oerien.

In opfallend ferskil is te sjen by it wurd ‘húchelje’. De wurd- en learboeken wienen it der al net oer iens oft de ‘u’ yn dat wurd no in streekje krije moat. Van Goor’s klein Fries woordenboek, it Prisma-woordenboek Fries-Nederlands/Nederlands-Fries, Frysk Wurdboek F-N en N-F fan de Fryske Akademy, wurdboek.nl, de app watwurdit en it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal skriuwe allegear ‘huchelje’ sûnder streekje, wylst it Frysk Hânwurdboek, De Haan syn Mei freonlike groetnis en it boekje Stavering fan de Afûk ‘húchelje’ mei in streekje skriuwe.

Dat lêste boekje, Stavering fan Fedde Dykstra, seit oer ‘húchelje’:

“húchelje (by ôfbrekken: hu-chelje).”

Mei freonlike groetnis folget eksakt deselde regel: by ôfbrekking nei – falt it streekje op ‘e ‘ú’ fuort.

De ôfbrekregels fan ‘e nije Akademy-stavering binne oars:

“by it ôfbrekken ferfalt in eventueel dielteken of apostrof, ferliest in ú yn in iepen wurdlid it skerpteken en wurdt in dûbelde aa of oo yn in iepen wurdlid ûntdûbele […] mar dat jildt net foar in ch: […]: húchelje > hú-chelje

De Akademy is ek stranger as de Afûk en Mei freonlike groetnis as it giet om gaadlike ôfbrekplakken yn in wurd. By de Afûk mei ôfbrekke der net ta liede dat der mar ien letter fan in wurd op in rigel stiet, wylst de Akademy hielendal gjin ôfbrekking foar in wurdlid fan ien letter tastiet. De ôfbrekkingen ‘bi-ology’ en ‘te-ory’ meie bygelyks net fan de Akademy, wol fan de Afûk.

maart 2, 2015 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.