Staveringssurprizes 12: ‘de Kroaat jout in reäksje op ‘e koalysje’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 12: ‘de Kroaat jout in reäksje op ‘e koalysje’
‘Reaksje’ of ‘reäksje’, ‘koalysje’ of ‘koälysje’, ‘Kroaat’ of ‘Kroäat’. De neislachwurken binne it net iens oer it brûken fan trema’s. In pear foarbylden:
Frysk Wurdboek N-F (W. Visser) jout: reaksje, koalysje.`
Frysk Wurdboek F-W (J.W. Zantema) jout: reaksje, koalysje, mar skriuwt yn de ynlieding dat reäksje en koälysje ek tastien binne.
Wurdboek fan de Fryske Taal jout: reaksje, koalysje.
Prisma woordenboek Fries jout: reaksje, koalysje.
Van Goor’s klein Fries woordenboek jout: reaksje.
It Afûk-boekje Stavering (F.B Dykstra) jout: reaksje of reäksje, it advys is om by twivel altyd in trema te brûken.
It boekje Mei freonlike groetnis (R. de Haan) jout: reaksje, koalysje.
De nije Akademystavering ferwiist yn regel 6.2.e foar tremagebrûk nei de Standertwurdlist. Dy jout reaksje, koälysje en Kroäat. Yn reagearje hoecht fan de Akademy gjin trema, yn Kroätysk moat er wol.
De folgjende sin hat foar wa’t de nije-Akademystavering brûkt dan ek trije flaters: de Kroaat jout in reäksje op ‘e koalysje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje