Staveringssurprizes 11: ‘dêr wied er al’

maart 10, 2015 11:00

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 11: ‘dêr wied er al’

Yn it boekje Stavering fan F.B. Dykstra, dat by de Afûk brûkt wurdt, stiet:

“De tiidwurden wêze, dwaan, gean, hawwe, kinne, sille, sizze, stean, wolle kinne de tusken-d krije, wannear’t se yn ‘e tredde persoan iental yn ‘e doetiid folge wurde troch it persoanlik foarnamwurd er: wied er, died er, gied er, hied er, koed er, soed er, seid er, stied er, woed er.”

Dat mei net yn de nije Akademy-stavering. De d-foarmen krije in reade streek yn ‘e staveringshifker op taalweb.frl. De achterlizzende regel dy’t dy skriuwwize ferbiedt haw ik net fine kinnen yn de Paadwizer.

maart 10, 2015 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.