Staveringssurprizes 10: ‘kom by de klup!’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 10: ‘kom by de klup!’
De besteande wurdboeken brûke de skriuwwizen club, klub en klup fleurich trochinoar. Soms brûkt ien wurdboek sels twa skriuwwizen fan it wurd. It Frysk Wurdboek F-N fan J.W. Zantema hat bygelyks de lemma’s klub en fuotbalklup. It diel N-F fan W. Visser hat club en fuotbalclub.
De skriuwwize klub is net tastien yn de nije Akademy-stavering. Nuver genôch is club as ‘fariant’ noch wol tastien. Dy skriuwwize krijt in blauwe streek yn de staveringshifker. As diel fan de gearstalling fuotbalclub is er dan wer net tastien, dan mei allinne fuotbalklup.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje