Staveringssurprizes 2: ‘de revolusjonêre kapusjon’
Resint ferskynd
De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.
Oflevering 2: ‘de revolusjonêre kapusjon’
In protte lûden kinne yn it Frysk op twa manieren skreaun wurde: de iene skriuwwize wurdt brûkt yn in sletten wurdlid (‘lettergreep’), de oare yn in iepen wurdlid. In pear foarbyldsjes:
aa / a (aap, a-pen)
ee / e (Deen, De-ne-mar-ken)
y / i (see-dyk, see-di-ken)
ú / u (tút-sjes, tu-ten)
No binne der lykwols wat nuvere wurdpearen, bygelyks
staazje / stazjêre
speesje / spesjaal
kondysje / kondisjoneel
lúsjefer / kapusjon
De systematyk foar de kar tusken aa/a, ee/e, y/i, ú/u liket by dy wurden net bepaald te wurden troch it type wurdlid. As it de klam krijt, wurdt it skreaun op de manier dy’t heart by in sletten wurdlid (aa, ee, y, ú). Krijt it de klam net, dan skriuwe wy it op de manier fan in sletten wurdlid. (a, e, i, u). Dy systematyk wurdt folge as lûden foar de letterkombinaasjes -sj-, -zj– en -vj– steane. Foar de leafhawwer: de systematyk is mooglik in útwurking fan de regels 1a en 1b út de staveringsregeling foar frjemde wurden fan 1982.
De systematyk mei klam ha wy ús studinten op ‘e NHL ek leard. Ek al stiet dy regel net yn in offisjeel dokumint, hy beskriuwt wol wat de measte wurd- en learboeken meastal dogge.
Net alle wurdboeken binne konsekwint yn it boppesteande systeem. Sa jouwe in soad wurdboeken tsjin de boppesteande systematyk yn de skriuwwize revolúsjonêr. Allinne it Wurdboek fan de Fryske Taal folget, foar safier’t ik neigean koe, konsekwint de boppesteande systematyk.
Dat mei net yn de nije Akademy-stavering. Dy yntrodusearret nammentlik de folgjende regel:
“ôfliedingen fan wurden op ‑úsje en ‑úzje hâlde it skerpteken op u, ek al stiet de ú yn iepen wurdlid: revolúsjonêr, yllúzjonêr.” (regel 3.2.1.2.a)
Dat is in spesifike nije regel dy’t in ferskillende systematyk yntrodusearret foar kapusjon (mei in gewoane ‘u’) en revolúsjonêr (mei in streekje op ‘e ‘ú’).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje