Rense Westra te hôf brocht

maart 8, 2015 00:01 Fernijd

Rense Westra is sneontemiddei te hôf brocht. De akteur ferstoar ôfrûne moandei yn ‘e âldens fan 68 jier. Westra waard yn syn wenplak Warten te hôf brocht. Dêrfoar wie yn de Grifformearde tsjerke in routsjinst mei ûnder oare muzyk fan De Kast. Under de twahûndert gasten wiene in soad akteurs. Regisseur Steven de Jong, aktrise Meriyem Manders en Rense Westra syn dochter hâlden in taspraak.

Omrop Fryslân Radio stjoert snein yn Buro de Vries in reportaazje út dy’t Sjouke Lousma oer Rense Westra makke hat. It programma begjint om 11.00 oere.

Op Omrop Fryslân Televyzje waard sneontejûn de film De Fûke útstjoerd fan regisseur Steven de Jong mei Rense Westra yn de haadrol.

Boarne tekst en foto: Omrop Fryslân

maart 8, 2015 00:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.