Rense Westra is ferstoarn

maart 2, 2015 15:31

Akteur Rense Westra is moandei ferstoarn. Dat hat syn famylje bekend makke. Westra spile yn tal fan films, lykas De Dream, de Gouden Swipe, de Fûke en de films oer de Kameleon. Furoare makke er mei syn rol yn de dramasearje Baas Boppe Baas, dy’t tusken 2001 en 2005 te sjen wie op Omrop Fryslân Televyzje. Westra spile ek yn de soap-searjes Goudkust en Westenwind. Hy spile boppedat yn it teater. Hy hie rollen yn mear as tachtich stikken fan toanielselskip Tryater.

Rense Westra is 68 jier wurden. Hy ferstoar yn sikehûs MCL yn Ljouwert.

Omrop Fryslân Televyzje stjoert moandeitejûn om 21.20 oere in dokumintêre út oer Rense Westra.

Tekst en foto: Omrop Fryslân

maart 2, 2015 15:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 maart 2, 19:31

    mei drôfenis nim ik kundskip fan dit nijs 🙁 noch mar 68!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.