PVV: SNN moat ophâlde ‘skynparlemintsje’ te boartsjen

maart 13, 2015 09:49

De PVV seit yn syn Frysktalich ferkiezingsprogram dat ‘Fryslân in unike Nederlânske provinsje is mei bysûndere minsken. Wy wolle dat hiel graach sa hâlde en bewarje foar de generaasjes nei ús’. Dy sin is justjes minder útsprutsen as oare partijen oer it behâld fan de provinsje Fryslân as bestjoerlike ienheid.

De PVV wol dat it SNN ‘ophâldt mei skynparlemintsje te boartsjen. It SNN is net in demokratysk keazen bestjoer en moat him beheine ta it opkommen foar de belangen fan it noarden’. Yn it program fan de PVV wurdt net dúdlik makke oft de provinsje sels mei minsken yn De Haach en Brussel warber wêze moat om foar de Fryske belangen op te kommen.

De PVV lit him net út oer it stribjen nei wetjaand foech foar Fryslân op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De PVV is wol foar in rommer en bestindich brûken fan it Frysk yn taal en skrift by de oerheid sels en op skoallen: ‘Foar de PVV betsjut dit dat de Fryske oerheid allinne Frysk en Nederlânsk brûkt en gjin oare talen. De PVV ferwachtet fan (semy) oerheidspersoniel dat se yn alle gefallen de Fryske taal fersteane en sa mooglik prate’. Fierder wol de PVV dat de provinsje de saakkundigens fan de dosinten Frysk befoarderet. It mear brûken fan it Frysk yn de deistige omgong (tink ek oan reklame) wurdt net eksplisyt neamd troch de PVV.

maart 13, 2015 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.