PvdA: Fryslân fan betsjutting as aparte bestjoerlike entiteit

maart 4, 2015 17:28

Neffens it ferkiezingsprogram fan de PvdA is Fryslân ‘in bysûndere provinsje’ en ‘de PvdA sjocht gjin reden en gjin belang om yn dy bestjoerlike ienheid feroaring oan te bringen’. Troch syn eigenheid, taal en kultuer is Fryslân tige werkenber. Fryslân is fan betsjutting as aparte bestjoerlike entiteit . It sterke merk Fryslân hat gjin ferlet fan feroaring, stelt de PvdA.

De PvdA stelt dat der yntinsyf gearwurke is mei de oare ‘noardlike provinsjes’ en wol ek fierder súksesfol gearwurkje mei Grinslân en Drinte om yn De Haach en Brussel sjoen te wurden. Om krekt as guon oare provinsjes, stêden en gemeenten in eigen plak en eigen fertsjintwurdiging fan Fryslân benammen yn Brussel te hawwen, dêr wurdt net oer praat. Oer it subsydzje-gearwurkingsorgaan de SNN wurdt gjin wurd sein yn it ferkiezingsprogram fan de PvdA.

Oer mear sizzenskip foar Fryslân, bygelyks op it mêd fan taal of kultuer, wurdt yn it program fan de PvdA net praat.

Yn de paragraaf oer taal en kultuer stelt de PvdA dat de provinsje ferantwurdlik is foar it kulturele oanbod en dat de Fryske taal in weardefol en ûnderskiedend elemint fan dat oanbod  is en bliuwt. As it dan oer de útwurking giet by ‘Wat sille wy konkreet dwaan’ dan wurdt it Frysk net neamd.  Neat oer befoarderjen fan it deistich gebrûk fan it Frysk mar ek neat oer Omrop Fryslân. De PvdA hat it yn syn ferkiezingsprogram net oer in rommer en bestindich brûken fan it Frysk yn taal en skrift by de oerheid sels en/of by sosjaal-maatskiplike organisaasjes (sa as soarchynstellings).

Wol seit de PvdA dat se it Frysk yn it ûnderwiis stimulearje wolle. Se leauwe yn it konsept fan de trijtalige skoalle en yn de wearde fan meartaligens. Dat betsjut foar de PvdA in ûnderwiisoanbod fan it pjutteboartersplak oant it fuortset-, berops- en universitêr ûnderwiis.

maart 4, 2015 17:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.