Presintaasje Frysk Lieteboek – update

maart 6, 2015 09:00 Fernijd

Yn it eardere berjocht Fryske edysje fan Liedboek, zingen en bidden in huis en kerk is oankundige, dat sneon 18 april de feestlike presintaasje wêze sil fan Lieteboek – sjonge en bidde thús en yn tsjerke – de fryske edysje dus fan it Nederlânsktalige Liedboek 2013.

Om mei de ynhâld yn ’e kunde kommen te kinnen sil dy middei in breed repertoire songen wurde. Dêr wurdt ûnder mear in gelegenheidskoar foar foarme. Tsjerkekoaren en kantorijen kinne dêr yn mei dwaan, mar ek yndividuele dielnimmers. It soe moai wêze dat in hiel soad oanwêzigen de dêrfoar útsochte lieten daliks mearstimmich meisjonge.

Bob Pruiksma hat de lieding. Wa’t der nijsgjirrich nei is kin by him fia in e-mail de muzyk (blêdmuzyk en midifiles of in oefen-cd) en de ynformaasje thússtjoerd krije. Der wurdt twa kear foarôf mei-inoar oefene: op sneon 4 en 11 april fan 10.00 oant 12.00 oere yn de Oase, Weideflora yn Ljouwert. Se hoopje dat in soad minsken harren dêrfoar oanjouwe. Dit is it adres: p.pruiksma@home.nl

Jou behalve dyn namme ek op wat dyn stimmesoarte is. Foaral fan manljusstimmen is ferlet, haw ik begrepen.

In wike letter sil yn Culemborg ek sa’n presintaasje holden wurde foar Friezen en oare belangstellenden om utens.

maart 6, 2015 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.