Oftelle nei Simmerdeis 2015

maart 19, 2015 19:13

Noch mar sa’n 99 dagen oant Simmerdeis wer út ein set. Fan 25 o/m 28 juny stiet Drachten en omkriten yn ‘t teken fan muzyk, sirkusakts, strjitteater en bernefoarstellingen. De earste nammen foar Simmerdeis 2015 binne no bekend: Sprokkelhout, Memphis Maniacs, Knarsetand en De Remix!

Sprokkelhout

Begûn as in fiiftal middelbere skoallefreonen en no in band dy’t op in soad grutte poadia steane. De muzyk fan Sprokkelhout is swier beynfloede troch in grut tal bands, wêrûnder Pixies, dEUS, Modest Mouse, The Notwist en Radiohead. Yn 2011 wûn de band de Kunstbende yn Grins en yn 2013 wienen se finalist yn de ‘Popgroningen Talent Award’. Tongersdei 25 juny / haadpoadium Slingepark / fergees tagong

Memphis Maniacs

Dizze Nederlânske mash-up band nimt it publyk mei yn in achtbaan. Troch in mjuks fan allerhande bekende nûmers, fan ferskate stilen en sjenres witte de Memphis Maniacs it publyk te ferraskjen. Memphis Maniacs giet fierder as allinnich it mjuksjen fan tekst en muzyk, se geane op wei nei grinzen en binne entertainers fan harren sels. Freed 26 juny / haadpoadium Slingepark / fergees tagong

Knarsetand

Tsjuster, betsjoenend en blier, altyd dûnsber en tige oansteklik, dat is Knarsetand. Dizze tsienkoppige band spilet in mjuks fan drum ’n’ bass, gypsy, reggae, balkan, dubstep, ska en popmuzyk. Knarsetand wurdt troch hieltyd mear media oppikt lykas Hollandse Nieuwe by VPRO’s 3voor12, DWDD, Giel, 3ONstage, Opium en in de Freaknacht fan 3FM. En net te ferjitten de feestlike ôfsluter fan Zappop 2014 yn De Lawei! Sneon 27 juny / haadpoadium Slingepark / fergees tagong

De Remix!

Stap yn in muzikaal en byldzjend aventoer mei dizze sinnenprykjende ynstallaasje. Troch ‘t betsjinjen fan de ynstallaasje oan de iene kant, krije de taskôgers oan de oare kant in unike ûnderfining. Dizze ynteraktive foarstelling is foar jong en âld en jout de gasten in aparte loaits op de hjoeddeistige wrâld. Elke dei / Slingepark

Sjoch foar mear ynformaasje op www.simmerdeis.nl

maart 19, 2015 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.