Oekraynske presidint: Nemtsov wist tefolle

maart 1, 2015 13:27

De Russyske politikus Boris Nemtsov is deade, om’t er fan doel wie en meitsje buorkundich hoe’t de Russyske oerheid by de boargeroarloch yn ‘e Oekraïne behelle is. Dat hat de Oekraynske presidint Petro Petrosjenko sneon sein.

Porosjenko seit dat er in wykmennich ferlyn mei Nemtsov oer de kwestje kediisd hat Nemtsov soe doe sein hawwe, hy hie “oertsjûgjend bewiis” foar Russyske militêre stipe oan ‘e Russysksinnige opstannelingen yn ‘e eastlike Oekraïne. Porosjenko: “Boris wie net benaud, mar syn boalen al. Hja hawwe him deadien.”

Sfear  fan hate

De Russyske politikus Ylja Jasjyn, ek foaroanman fan in wichtige opposysjepartij, bekrêftiget dat Nemtsov gear wie oer in ferslach oer de Russyske rol yn ‘e reboelje. Kiev en it Westen hawwe al gauris de beskuldiging utere dat it Kremlin de opstannelingen finansjeel en militêr stipet. It Kremlin ûntstriidt lykwols alle belutsenens. In oare politike tsjinstanner fan Poetin, Gary Kasparov, seit: “It wol my net oan dat Poetin it befel jûn hat, mar hy hat al soarge foar in sfear dy’t soksoarte moarden moolk makket. Net ien is der wis fan wa’t de trekker oerhelle hat, mar de politike lieding hat him deade.”

Jit in oare opposysjelieder, Michaïl Chodorkovsky, hat it oer in “sfear fan hate” yn Ruslân. Hy seit: “Al mear as in jier lit de televyzje ús oars net sjen as hate. En no siket elkenien, fan de blogger achter syn buro oant presidint Poetin, om fijannen en beskuldiget elkenien elkenien. Wat is der mis mei ús?”

Auto fan de dieders

Yn ‘e Moskouske binnenstêd is wilens in auto oantroffen dy’t moolk brûkt is by de oanslach op Nemtsov, freedtejûn. De auto wie efterlitten by metrostasjon Smolensk, sa’n treddel kilometer fan it plak ôf dêr’t Nemtsov deasketten is. De plysje hat de omkrite ôfset en fiert in ûndersyk út. In wurdfierder fan ‘e plysje docht te witten: “Der is gjin twivel oer moolk dat de misdie mei soarch taret is en dat it plak mei soarch keazen is.” De plysje hâldt rekken mei politike motiven foar de moard, mar slút ek net út dat der moslimekstremisten efter stykje. Nemtsov hie de oanslach op Charlie Hebdo yn Parys fûl feroardiele, wat him ferskate bedrigings opsmiten hat. In saaklik konflikt soe ek noch in motyf wêze kinne, neffens de plysje.

Nemtsov hie snein meirinne sillen yn in protestoptocht tsjin it belied fan Vladimir Poetin. De optocht is trochgien, mar hat it karakter krige fan in treurstaasje.

maart 1, 2015 13:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.