Nije Fryske film ‘Bak’ no yn de bioskoop

maart 5, 2015 09:12 Fernijd

De Fryske spylfilm ‘Bak’ is moandeitejûn yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premjêre gien. It is in triller dy’t basearre is op de koarte roman ‘Bak’ fan Sietse de Vries. Dy ferskynde yn 2012 as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek.

De film mei akteurs Joop Wittermans en Joke Tjalsma yn de haadrollen giet oer Sjerp Bak, stedsferslachjouwer by de Ljouwerter Krante, dy’t in gemeenteriedslid fermoardet. Syn libben wurdt yngewikkeld as er sels ferslach dwaan moat fan it moardûndersyk.

De tv-searje is yn maaie op Omrop Fryslân te sjen.

Tekst en foto: Omrop Fryslân / Bak, de film

maart 5, 2015 09:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.