Neikommeling Grutte Pier hoecht swurd net mear

maart 31, 2015 00:16

It is noch gjin 1 april, dat it sil wol wier wêze wat it Ljouwerter nijswebstee Suksawat skriuwt oer it swurd fan Grutte Pier. De Amerikaan dy’t der in pear wike lyn oanspraak op makke, lûkt syn claim no yn, sa is it sizzen.

Randy Johnson hâldt út dat er in neikommeling fan Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, is. Hy wol it swurd fan Grutte Pier yn it Fries Museum dêrom ‘werom’ hawwe yn ‘e famylje.

It swurd is nei alle gedachten net echt fan Grutte Pier en it is ek net dúdlik hoe earnstich oft Johnson syn claim wie. Hy docht no lykwols fia in filmke te witten dat er ôfsjocht fan it swurd, om’t it “safolle foar de Friezen betsjut”. Op it filmke is er te sjen as in stereotype Amerikaan, mei cowboyhoed en Amerikaanske flagge op it mouhimd.

Neffens Suksawat is Saskia Bak, de direkteur fan it Fries Museum, ferromme om’t de claim ynlutsen is.

Mear ynformaasje: http://www.suksawat.nl/zwaard-grutte-pier-blijft-toch-in-friesland-video/

maart 31, 2015 00:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Aage M maart 31, 08:17

    Ek dit ferhael makket noch hieltyd de yndrok fan in
    Broodje Aap ferhaal. En dat is swurd yn it net frysk talige
    Museum thawed is da dudlik. Hawwe hja alris kennis makke mei de termyske lans fan Aage M?

  2. Aage M maart 31, 08:23

    Ik wolde skriuwe: en dat it swurd fan grutte Pier taheart yn it anty Frysk taelige museum is my ek net sa dudlik.
    Hiene hja al yn de kunde komme mei de thermyske lans
    fan Aage M?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.