Molkkwotum wurdt dongkwotum

maart 31, 2015 18:26

Hjoed komt der in ein oan in tiidrek. In generaasje boeren hat buorke ûnder de beheinings fan it molkkwotum. Nei goed 30 jier wurdt dat mei yngong fan woansdei 1 april ôfskaft. Foar in protte boeren yn Nederlân fielt moarn as ‘Befrijingsdei’. De frijdom bliuwt lykwols beheind. Oant ferline wike is der wakker redendield oer hoe’t it fierder moat, want der wie in protte maatskiplike wjeraksel tsjin de ûnbidige megastâlen en de miljeuproblemen dy’t wanke by in grinsleaze groei fan de melkerij. Mar regearingspartij VVD iggewearre just nije beheinings tsjin. Lang om let waard der ferline wike tongersdei ôfakkoarte tusken de regearingskoalysje, de agraryske sektor en maatskiplike organisaasjes en dat akkoart is ôfrûne freed bekrêftige troch it regear. It hâldt yn dat groei grûnbûn weze moat: boeren dy’t in substansjeel dongoerskot ha, kinne harren feebeslach allinnich útwreidzje as hja bunders bykeapje, dêr’t de ekstra dong oer útriden wurde kin. Winliken hat boeren no te krijen mei in dongkwotum (of fosfaatkwotum) en is de hoeke grûn dy’t hja ta harren foldwaan ha beskiedend foar de hichte dêrfan. Steatssiktares Sharon Dijksma, dy’t lang mei dit pine-holle dossier omtoarke hat, rekkenet der op dat de greidegong fan de kij, dy’t ôftakke is nei 70 %, troch dit akkoart wer tanimme sil nei 80 % yn 2020. Hja wol dat ek mei jild en kunde stypje.

Kij yn de greideIt molkkwotum is yn de Europeeske Uny ynfierd yn 1984 om oerproduksje tsjin te gean. Yn it skoft dêrfoar ûntstienen der saneamde molkplassen en bûterbergen as gefolch fan subsydzjes. Dy wienen binnen it Miene Lânboubelied ynsteld om de Europeeske fiedselfoarsjenning te garandearjen. Op it hichtepunt yn 1983 wie de molkproduksje yn Nederlân 13,2 miljoen ton; yn 1990 wie dy likernôch 11 miljoen ton. De lêste jierren is it kwotum foar Nederlân stadichoan wer ophege oant omtrint 12 miljoen ton molke yn 2013. Troch de wolfeartsgroei yn lannen as Sina en Yndia is der hieltyd mear fraach nei suvel, sadat ôfskaffing fan it kwotum yn ‘e reden lei. Boppedat leinen de Europeeske eksportsusydzjes ûnder fjoer om’t dy min wêze soenen foar de ûntjouwing fan treddewrâldlannen. Doe’t der yn 2008 in delgeande tiid ynsette, seagen de boeren it ôfskaffen fan it kwotum hielendal net sitten, om’t se dêrtroch oerlevere wêze sille oan de lumen fan de wrâldmerk. Mar no’t der al jierren in stabile fraach is nei suvel út Azië wei, tinke se der oars oer.

As der tefolle molken waard, moast der in boete betelle wurde: de superheffing. Ferline jier leinen de Nederlânske boeren dêr € 132,- miljoen foar op it kleed en dit jier folgje der nei alle gedachten noch sa’n € 140,- miljoen. Dat wie in bewuste en trochtochte kar om’t de boeren al ynvestearren yn stâlen en kij om ree te wêzen foar it fuortfallen fan it kwotum. Troch de hege molkpriis is de heffing wol te dragen. Guon boeren dy’t de ôfrûne jierren fiks ynvestearren, sitte der lykwols no mei oantangele dat se net genôch grûn ha.

maart 31, 2015 18:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.