It kwea
Resint ferskynd
Ha jim wolris hân dat jim tochten: “Dat hie ik net dwaan moatten, want dêrmei ha ik dy-en-dy skea dien. As ik yn it foar witten hie, hie ik it net dien.”
As jonkje fan sân smiet ik ris in stien nei in einepykje. Gewoan samar. As jonkje smieten je sa faak in stien nei in doel,in beamstam, in lantearnepeal en meastal wie it mis. Mar wylst myn hân de stien losliet, fielde ik al dat de smeet sa suver wie, dat ik it bistje reitsje soe. “Och nee”, tocht ik, en ik rekke it einepykje.
Dy’t krekt noch rûn hie, kreupele no efter de mem oan. Ik fielde fuort berou, ik fielde dat ik wat fernield hie, ik hie it moaie en natuerlike fernield. Ynstee hie ik ûnsjoggens skepen.
Skepen? Ferniele is wol hiel wat oars as skeppe. De mem ein hie it pykje skepen, mei help fan de heit. Mar wa hat mem en pykje en aai en heit skepen? Is der in ‘wa’ dy’t ‘skepen’ hat?
Dat fiellen fan spyt en skuld neamt it kristendom sûndebesef. En dat is de negative kant fan de medalje. By my binne spyt en skuld ten nausten ferbûn mei it ‘skeppen’ fan ûnsjoggens, it bedjerren fan natuer, skjintme en libbenskrêft. Fan al myn sûnden, fan it kwea dat ik oaren oandie, ha ik berou omdat ik minsken ûnsjoch, lilk of rankuneus makke ha. Ik sjoch se leaver moai, wiis en bliid.
Mar der is ek in positive kant oan it ferhaal fan it pykje. Dat ha ik folle letter betocht. Dat komt fan de fraach: wa kin sûndebesef fielle, berou, skuld? Inkeld wa’t goed is, kin dat fiele. Wa’t (noch) net goed is, fielt gjin berou.
Ik ha yn myn libben guon lju skea oandien, mysels oars ek. Hoe skerper ik dat ynsjoch, hoe grutter as it besef fan it Goede yn my is. Myn fouten, myn sûnden as jim wolle, binne net inkeld op selskennis sûnder mear útrûn, mar ek op kennis fan it Goede. Dêrtroch bin ik feroare en slagje ik der no better yn en hâld en draach mysels as in better minske as dat ik wie.
“Nader tot U”, sa soe men de feroaringen yn myn persoanlikheid gearfetsje kinne. Of om mei de Bhagavad Gita fan de Hindoes te sprekken: “Elkenien is lykfolhoe, nei My ta ûnderweis.”
EH
Wa’t “net goed” is, is yn feite in ûngelokkich minske. En dat hat er dan te tankjen oan oanlis en opfieding. As dy net goed binne, komme allinne hele sterken derút. Wat net weinimt dat misdiedigers straft wurde moatte.