Kamp: ierdskokskea yn Drinte moat ek fergoede wurde

maart 1, 2015 13:37

De NAM is ferantwurdlik foar skea troch ierdskokken, ek as dy skea him foardocht yn Drinte. Dat seit minister fan ekonomyske saken Henk Kamp. De NAM hat in gebiet oanwiist dat er beskôget as ‘ierdskokgebiet’. Dat gebiet omfettet rûchwei de provinsje Grinslân. Oanlieding binne skeameldings út Súdlaren, dat flak oer de provinsjegrins yn Drinte leit. De NAM wol meldings út dat gebiet net ûndersykje. Kamp: “De NAM is wettelijk verplicht alle schade die het gevolg is van aardgaswinning te vergoeden. Als er ergens een melding is, moet daar een expert naartoe worden gestuurd.” De minister stipet dêrmei útspraken fan ‘e provinsje Drinte en fan ‘e Noard-Drintske gemeente Tynaarlo, dy’t earder al oanstien hiene op skeafergoeding troch de NAM.

De NAM hat wilens tasein dat skea bûten de provinsje Grinslân ek fergoede wurdt, mar dat dêr wol grinzen oan binne. Wurdfierder Sander van Rootselaar seit: “Maar bewegingen in de bodem zijn eindig. De NAM blijft op het standpunt dat niet naar alle meldingen buiten die contourlijn een schade-expert wordt gestuurd. We stellen in alle redelijkheid vast of claims valide zijn. Wij waren ook verrast door het aantal meldingen na Kropswolde, maar het is niet aannemelijk dat de schade in Zuidlaren door die beving is veroorzaakt. Wel gaan we een aantal gevallen opnieuw bekijken. Als mensen het niet met ons eens zijn kunnen ze de Technische Commissie Bodembeweging inschakelen voor een onafhankelijk oordeel.”

maart 1, 2015 13:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.