In ring fan haat

maart 1, 2015 08:30

Frjemdlingehaat is grif sa âld as it minskdom. Sels op ‘e Joaden hie men yn Nederlân in skalk each. Ik hear it myn fûl anty-Dútske heit noch sizzen: “Mei Joadske hynstehanlers moat men oppasse.” En dan komme letter al dy ferskriklikheden oan it ljocht dy’t de Nazi’s úthelle hawwe.

Ik sil in jier of tweintich west hawwe, doe lies ik David Catarivas syn boek oer Israel en ik wie fol fjoer: einlings plak foar dy earme minsken. Mar letter learst fan dy oarloch fan 1948 en hoe’t in grut part fan ‘e Palestynske befolking ûnder druk fan ‘e Arabyske buorsteaten (“Wy jeie dy Joaden wol even fuort”) har lân “tydlik” ferlitte moasten om har fierdere libben yn flechtlingekampen yn lannen as de Libanon te sliten.

It wie te begripen dat yn dy kampen it ekstremisme begûn, dat him stadichoan útwreide oer grutte parten fan ‘e Moslim-wrâld. En dan as gefolch wer it westlike yngripen yn lannen as Afghanistan en Irak en it hieltyd fierder trochkringen fan moderne ideeën en kommunikaasjemiddels. Sa rekket de tradisjonele Islamityske maatskippij mear en mear oantaast mei grif wer as andert mear ekstremisme, sadat no sels de Joaden yn it Westen oanfallen wurde. Sa slút him de ring fan haat.

Hoe kinne wy dy ring trochbrekke? Troch alderearst ús Joadske meiminsken fol te oanfurdzjen: “arms around you”. Mar ek al dy oare flechtlingen moatte wy oanfurdzje, de Moslims ek: “arms around you”. Wolle wy dat? Kinne wy dat oan?

PK

maart 1, 2015 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.