Grutte Pier op terrorismelist Feriene Naasjes

maart 31, 2015 23:58

Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stiet op in list fan terroristen fan de Feriene Naasjes. Pier dielt de list mei goed trijetûzen oare histoaryske persoanen, wêrûnder Ulrike Meinhof, Ronnie Brunswijk en Balthasar Gerards. Lannen koene nammen foardrage foar de list. It is net bekend wa’t de namme fan Donia foardroegen hat.

Neffens Devon Miles fan de Wurkgroep tsjin ferhearliking fan terrorisme, sille de FN oan ‘e nasjonale oerheden freegje om wetjouwing te meitsjen dy’t ferhearliking fan persoanen op ‘e list ferbiedt. Lannen binne net ferplichte om dêroan mei te wurkjen, mar neffens Miles is it foar de ynternasjonale ferhâldings net goed as in lân in ‘terrorist fan eigen grûn’ yn beskerming nimt.

Grutte Pier libbe fan 1480 oant 1520. Nei in oanslach op syn pleats yn Kimswert wurke er as hierling foar de hartoch fan Gelre, benammen as kaptein fan kaperskippen op ‘e Sudersee. Hy stie bekend om syn wrede omgong mei Hollânske finzenen, dy’t er sûnder genede fersûpe liet. Pier waard ek freesd om syn gewelddiedige plonderings fan Hollânske stêden.

De folsleine terrorismelist fan ‘e Feriene Naasjes stiet online. Klik hjir om him te besjen.

UPDATE:
It artikel wie yn in pear oeren ien fan ‘e bêst lêzen artikels op It Nijs en oan de reaksjes ha wy sjoen dat guon lêzers der mei iepen eagen yn trape binne. Wa’t efkes op ‘e link klikte, hie it fansels fuortendaliks troch: dit wie in 1 aprilgrap!

maart 31, 2015 23:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes april 2, 13:50

    Ja, hjir is it wer. It moat FERNIJD wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.