Grutte demonstraasje tsjin anty-Baskysk taalbelied

maart 2, 2015 00:58

Yn Fryslân sil it net sa gau barre, yn Súd-Europa is it net ûngebrûklik: sprekkers fan minderheidstalen dy’t manmachtich de dyk op geane om taalemansipaasje te easkjen. Sneon wie der in grutte demonstraasje yn Donostia/San Sebastian yn Baskelân. In pear tûzen Basken fan beide kanten de steatsgrins easken mei in pear tûzen tagelyk dat de Spaanske en Frânske lanlike oerheden harren net langer bemuoie mei de taalpolityk yn Baskelân. Hja wolle dat gemeentlike en regionale oerheden de rûmte krije en fier yn alle frijheid harren taalbelied.

“Oztopoen gainetik euskaraz biziko gara” wie it biedwurd, “Us maatskippij bliuwt Baskysktalich, wat der ek foar tûkelteammen binne”. Oanlieding foar de demonstraasje binne ferskate ynmingings fan ‘e Spaanske ambassadeur yn it taalbelied fan gemeenten. Ambassadeur Carlos Urquijo, lid fan ‘e Spaansksinnige Partido Popular, hat yn 2015 al 900 klachten stjoerd oer ientalich Baskyske teksten. De measten giene nei gemeenten ta en giene bygelyks oer Baskysktalige finansjele ferslaggen of belestingoanslaggen. Urquijo easke yn dy gefallen in Spaanske oersetting. Guon gemeenten binne sels bedrige mei finansjele sanksjes as se it pro-Baskyske belied trochsette.

Paul Bilbao fan taalbewegingsorganisaasje Kontseilua, rôp de demonstranten op om mei-inoar ien te wêzen en ienriedich te krewearjen foar it Baskysk. Xabier Olana, foaroanman fan ‘e Baskysksinnige partij EH Bildu, wiisde derop dat yn Navarra, dat foar in part ek Baskysktalich is, soartgelikense anty-Baskyske maatregels naam wurde. Hy rôp gemeenten op ta boargerlike oerhearrigens, as de fertsjintwurdigers fan ‘e Spaanske steat trochgean mei it frustrearjen fan it taalbelied fan Baskyske oerheden.

It is net de earste kear dat de gûverneur fan Baskelân safolle lilkens opropt mei anty-Baskyske maatregels dat minsken de dyk op geane. Yn april 2014 barde wat soartgelikens: link.

maart 2, 2015 00:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.