GrienLinks: ynwenners moatte Frysk ferstean én lêze kinne

maart 1, 2015 12:11

‘Mei it each op de bysûndere identiteit fan Fryslân’ wol GrienLinks neffens har ferkiezingsprogram net mei oare provinsjes fusearje. Gearwurkje mei Grinslân, Drinte en Noard Hollân leit ál yn ‘e rede, neffens de partij. De kritearia dy´t Grien Links sintraal stelt by dy gearwurking binne: omtinken foar de kulturele identiteiten yn de ferskate regio’s, op ûndûbelsinnige wize hannelje rjochting De Haach en Brussel, it demokratysk gehalte fan de beslùtfoarming en de taken goed útfiere kinne.

Oer SNN wurdt net praat yn it program fan GrienLinks. Allikemin oer eigen minsken (út Fryslân) foar de lobby yn De Haach en Brussel.

De partij sprekt him net út foar wetjaand foech foar Fryslân op beskate mêden (bygelyks taal, kultuer of ûnderwiis. Wol soe de provinsje mear sizzenskip krije moatte oangeande in meartalige oanpak op skoallen en op pjutteboartersplakken. It wurdt lykwols net krekt dúdlik wat GrienLinks dan krekt wol. Lykwols: ‘De maatskippij feroaret yn in netwurkmienskip dêr´t boargers en organisaasjes op in lykweardige wize mei inoar gearwurkje en ynformaasje útwikselje. Mei ´t boargers har minder fine kinne yn it oerheidsbelied en har dêrtroch fan de polityk ôfkeare is demokratyske fernijing nedich. Dêrta moat de provinsje plannen ûntwikkelje foar it fersterkjen fan de provinsjale demokrasy’, sa stelt Grien Links.

It ferkiezingsprogram fan GrienLinks is sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk beskikber.

In rommer en bestendich brûken fan it Frysk yn taal en skrift by de oerheid sels en by sosjaal-maatskiplike organisaasjes (sa as skoallen, soarchynstellings ensfh.) krijt de stipe fan GrienLinks. Lyksa it mear brûken fan it Frysk yn de deistige omgong. Ut it program: ‘Utgongspunt fan it belied moat neffens Grien Links wêze:  foar de ynwenners fan Fryslân is it op syn minst nedich dat se it Frysk ferstean en lêze kinne om echt mei dwaan te kinnen yn de Fryske mienskip’. Fierder: ‘As wy echt wolle dat dat de taal bliuwt, dan sil der sawol troch de ynwenners fan Fryslân as de provinsje mear yn ynfestearre wurde moatte. Grien Links fynt dat de provinsje in brede maatskiplike diskusje mooglik meitsje moat oer de takomst fan it Frysk. De provinsje Fryslân stipet neist it Frysk, it Bildtsk en it Stellingwerfsk. De Afûk, de Fryske Akademy, Tresoar en Tryater fertsjinje in bliuwende rojale stipe fan de provinsje fanwege harren grutte belang foar de regionale kultuer en taal’. Ta beslút krijt de Omrop wat GrienLinks oangiet mear provinsjaal subsydzje.

maart 1, 2015 12:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.