Google wol sebeare-wittenskip warre

maart 1, 2015 17:40

It ynternet stiet fol mei gearspanningsteoryen, homeopatyske websiden, ûnwittenskiplike ferhalen, skiedfersfalsking en gean sa mar troch. Wa’t Google brûkt om ynformaasje te finen, sil tenei minder fluch fan sokke siden op it skerm krije.

Pseudo-wittenskip wurdt fan de foarste siden mei sykresultaten ward, sa hat Google te witten dien. Ynternetsiden krije kwaliteitswurdearrings. Dy hingje ôf fan ‘e betrouberheid fan ‘e ynformaasje op ‘e side. De kwaliteitswurdearrings spylje in grutte rol yn de nije sykalgoritmen fan Google. Wa’t noch besiket om mei links nei grappige siden fol sebeare-wierheden minsken nei syn webstee te lokjen, sil folle faker stomprinne.

Wittenskip ynstee fan populisme

Yn ‘e kearn giet it Google derom dat de sykmasine fan in populistysk stik ark feroaret yn in wittenskiplik stik ark. Twa miljard websiden binne al opslein yn in de nije Knowledge Vault, in databank fan betroubere siden, dy’t heech skoare sille yn de list mei sykresultaten.

De wierskynlikens dat in webside betroubere ynformaasje befettet wurdt automatysk berekkene. Folsleinens is dêrby in wichtich kritearium: as in side in soad ynformaasje jout is er betrouberder as wannear’t er bygelyks gjin jiertallen of boarnen neamt. Sites wurde ek ferlike: de meast neamde ynformaasje wurdt as betrouberder beskôge as minder faak neamde. Mei-inoar binne der sechstjin faktoaren dy’t de betrouberens fan in webstee beskiede.

Gjin diskusjefoarums

By in proef hat bliken dien dat guon tige populêre websiden gâns sakje yn ‘e sykresultaten. Humoristyske websteeën en diskusjefoarums dy’t no faak op ‘e earste side mei sykresultaten steane, binne op in seldsume útsûndering nei net opnommen yn de Knowledge Vault en sille dus tenei leech skoare yn ‘e sykresultaten.

It is noch net bekend wannear’t Google de nije sykalgoritmen ynfiert.

maart 1, 2015 17:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.