Gjin Frieze Frysken

maart 11, 2015 12:12

It eigenskipswurd Dútsk giet út op in k, mar yn Dútser (in persoan fan Dútsk komôf) sit dy letter k net. Watfoar taalkundige regel sit dêrefter? As wy ússels ta foarbyld nimme, is dy regel goed te ûnthâlden: Friezen (sûnder k) prate Frysk en sa is Ingelsk de taal fan de Ingelsen (sûnder k). In Frânsman (gjin k) yt Frânske tsiis. Winliken is der gjin inkeld probleem: Noarsk heart by de Noaren, lykas Finsk by de Finnen. En Rusklân roait fansels nearne nei.
En de Oekraïners? Dy prate Oekraynsk, mei in k en (… in y, lykas yn Frysk. Mar dat lêste is wer in oar staveringsprobleem).

maart 11, 2015 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.