Feie Fonyk oer bankrôvers

maart 31, 2015 10:54

By bankrôvers tocht ik oan skobberts dy’t mei in lutsen revolver of in mitrailleur in bank bestoarmen, yn it plafond skeaten, “allegearre op de flier” raasden en dêrnei harren tassen follade lieten mei jild, of smjunten dy’t nei wiken graven in ûndergrûnske gong makken dy’t by de klûs útkaam. Ik tocht oan “Bonnie en Clyde” of better noch oan “Ladykillers”, dy hilaryske film fan de buorren Coen. It aardige fan dy films is dat it beide kearen glêd ferkeard ôfrint mei de skelmen. It leafdespear Bonnie en Clyde wurdt deasketten en de Ladykiller-dieven wurde ien foar oar ôffierd nei it stoart, wylst it jild telâne komt by de tsjerke fan de húsbazinne. Hiest yn it ferline ek rôvers dy’t stielen fan de riken, fan de bank bygelyks, en it joegen oan de earmen. Alle misdiedigers wienen sûnder útsûndering guon fan bûten de bank.

Tsjintwurdich is dat allegearre net mear mooglik. De banken binne sa befeilige datst der net mear ynkomst. Boppedat, wêr binne dy banken eins bedarre? It is sykjen. Tûke banklju hawwe betocht dat minsken sels it wurk dwaan kinne. Ek folle goedkeaper.

Wy hawwe yn de top fan ús banken minsken dy’t har fan moarns ier oant jûns let út de naad wurkje. Se hawwe nearne oars tiid foar. Sadwaande waard it heech tiid om dy seis sielen, de  stumpers fan de ABN Amro top  in lytse kompensaasje te jaan. Se sjogge harren bern net mear en gjin tiid foar de frou. Dat is hurd. Sadwaande hûnderttûzen euro derby. Eins wie dat fierstente min. Ommers de bonus is der foar in grut part al ôf. Dat mei net mear fan ús benypt regear. Ek dy lytse foai fan hûnderttûzen giet no net troch. Guon tinke der oer om in baan te sykjen yn Londen. Joris Lyendijk hat der krekt in boek oer skreaun. Kinne hja harren fêst wat oriïntearje.

Wat ik net begripe kin is dat wy sokke bankiers oan de top fan de ABN Amro net opkroadzje litte. Stek de flagge út at se de Noardsee oerstekke. Om my om te fersûpen. Wy hawwe harren ferdomme mei belêstingjild út de brân holpen. In soad gewoane meiwurkers binne ûntslein of hawwe al jierren der neat by krigen. Sjoch, eartiids hiest rôvers fan bûten. Dat wie net moai. No hast de rôvers yn de bank. Dat is slimmer.

 

maart 31, 2015 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.