Deensktalige minderheid grutter as tocht waard

maart 31, 2015 00:45

Undersikers fan de universiteit fan Hamburch hawwe Denen teld. It Deensk is de memmetaal fan in soad ynwenners fan de noardlikste dielsteat Sleeswyk-Holstein. De taal wurdt ek wetlik beskerme, lykas it Noard-Frysk, dat yn deselde dielsteat praat wurdt.

Net ien wist hoefolle autochtoane Denen oft der krekt wiene yn Dútslân. Meastentiids waard it oantal sa om ‘e 50 tûzen hinne rûsd. De politikologen Adrian Schaefer-Rolffs en Kai-Uwe Schnapp fan de Universität Hamburg hat dêrom mei in pear kollega’s in telefoanyske enkête hâlden ûnder 2500 ynwenners fan Noard-Dútslân.

As de stekproef represintatyf is, dan rekkenje 104 tûzen minsken yn it gebiet harsels ta de Deenske minderheid. Fan harren wenje 42 tûzen yn de noardlike regio Sleeswyk, 27 tûzen yn it súdlikere Holstein en 25 tûzen yn Hamburch. De measte Denen wenje yn de provinsje (‘Kreis’) Flensburch: mar leafst 14% fan ‘e ynwenners fan dy streek rekkenet himsels ta de Deenske minderheid.

De ûndersikers hawwe ek frege oft de Dútske Denen út Deenske hûshâldings komme. In tredde hat Deensktalige grutâlden yn Dútslân, in tredde ien of twa âlden en noch in treddepart heart ta de earste generaasje Deenskpraters yn Dútslân. De minderhedepartij SSW is in grutte favoryt ûnder de Deensktaligen, sa docht bliken. 36% fan harren hat by de lêste dielsteatferkiezings op dy partij stimd en 21% fan harren is sels lid fan de partij.

Net allinne polityk sjoen binne de Denen goed organisearre, se stjoere de bern ek manmachtich nei Deensktalige skoallen ta. 55% fan de bern út Deenske hûshâldings sit op in ientalige Deenske skoalle yn Dútslân. 34% fan de Denen is lid fan in organisaasje dy’t opkomt foar de Deenske taal of kultuer yn Dútslân.

In ferslach fan it ûndersyk is beskikber op ynternet. Klik hjir om it te lêzen.

maart 31, 2015 00:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wirbel maart 31, 10:19

    Moai dat de Denen sa goed foar harren sels opkomme; wie de groep Noard-Friezen ek mar sa grut!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.