Deaden en in soad skea troch stoarm

maart 31, 2015 22:19

De stoarm fan hjoed hat foar in soad skea soarge yn Fryslân. Mear as fyftich minsken hawwe melding makke fan skea. It gie benammen om skansearre en omfallen beammen en reklamebuorden en om skea oan dakken. Op it Fean rekke it dak fan in skoalle slim skansearre en oan ‘e A32 by Aldeholtwâlde rekke it dak fan in pompstasjon los.

Op ferskate plakken yn West-Europa waaiden frachtauto’s om. Yn it Dútske Rynlân kamen twa minsken om troch in omwaaide beam. Ede rekke in man dea trochdat it dak fan in bedriuw ynstoarte. Yn Saksen-Anhalt rekke in man bedobbe ûnder in omfallen muorre. Fleanhavens ferminderen it tal flechten en yn Noard-Dútslân waard it treinferkear foar in grut part stillein.

It KNMI hat it waaralaarm fermindere: ynstee fan koade oranje jildt no koade giel. Dêrmei is noch altyd sprake fan gefaarlik waar. Yn it suden fan Nederlân is gjin warskôging mear fan krêft.

maart 31, 2015 22:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.