De Jacht op Geniet

maart 21, 2015 09:09

Lêstendeis siet ik noflik mei in maat fan in maat yn ‘e sinne op in terraske. In bêste fint, sa net, mar hy kin mar net ophâlde fan praten. Krigest der gjin wurd tusken.
Hy sei: “Wat wolst ha?”
Ik stinde: “Ik moat mar gjin echte kofje ha, want dan kin ik nachts net goed sliepe, dus doch dan mar in capuccino décaf.”
“Oong”, sei hy, “dêr ha ik slieppillen foar.”
Doe stie ik wol efkes fersteld.
Oerdeis jinsels oppeppe mei kofje en nachts jinsels deaslaan mei slieppillen. Gjin niget dat er him de mûle net hâlde kin en mei syn sûnens omtoarket. Hy is it kontakt mei de Stilte kwyt. Hy is it kontakt mei it Swijen kwyt. Hy is it kontakt mei de Leechte kwyt. En dat betsjut: Hy is it kontakt mei God in bytsje kwyt.
Yn ‘e spiritualiteit is de Leechte godlik. De leechte is de wyn, de leechte is de azem, it harkjen nei it sykheljen dus it meditearjen, it besykjen en tink nearne oan, it besykjen en lit de tinzen troch de holle waaie mar flean der net op wei, gean der net yn mei, bliuw by de leechte yn dyn boarstkas, dy’t op-en-dellet mei it yn-en-útsjen fan dyn amme.
De leechte is ek it oerjaan fan it sels mar prate wollen. De leechte gunt it de oar om oan it wurd te kommen en te sprekken. Sûnder dat der fochten wurde moat of twongen wurde moat om oan it wurd te kommen. Sûnder al mar oan dy ynterrupsjes.
Praten heart in geniet te wêzen, mar by guon rint it út op in ferslaving.
It begjint mei de Jacht op Geniet en it einiget mei de Jacht op Geniet en yn ‘e tuskentiid moatst leare om it idee fan Geniet by te stellen oant it gearfalt mei it idee fan it Goede. En it docht goed om te swijen en om oaren tiid te Jaan en sis ris wat.

EH

maart 21, 2015 09:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 april 9, 13:21

    Prachtige oertinking. Tanke wol!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.