Benaud en bang

maart 26, 2015 13:49

As jonkje fan 6 wie ik bot ynteressearre yn astronomy. Al dy planeten yn ús sinnestelsel! Dat wurke op myn fantasy. Ik koe se allegear opneame, fan Mercurius en Fenus oant en mei Pluto. Der wiene doe foar bern ferskate boekjes mei kennis oer alderhanne wittenskiplike ûnderwerpen. Prachtich!

Oant ik lies oer swarte gatten. Hoe’t alles deryn ferdwynt en der nea wer út komt. Ik wit noch dat ik der midden yn ‘e nacht wekker fan waard, nei it fuottenein fan it bêd kroep en dêr op dy swarte gatten omstinde.

Hoe moast it fierder mei de minsk en it hielal? Wat as de ierde yn sa’n gat bedarre? Sels it ljocht koe der ommers net út! Dêr ha ik in nacht mei ompakt. Sa’t ik letter ek wol oare libbensfragen op my nommen ha, mar meast mei fleur en net mei noed.

Soms wurdt in libbensfraach je oermânsk. Dan kriget de eangst je yn ‘e besnijing. It giet allegear werom op de eangst foar in útsichtleaze situaasje. Op de eangst foar ûneinich, net te kearen sear. Ûneinich net te kearen lijen. Der is ek in namme foar dy fantasy: dat is de hel.

De hel stiet foar de fantasy fan ûneinich lijen, mar oan alle lijen op dizze ierde komt lykwols in ein. Der komt in ein oan as wy deageane. Mar der komt ek in ein oan lijen omdat lijen ôfswakket mei de tiid, al wie it mar troch gewenning. Sadwaande it sizzen: de tiid fersêftet alle leed, al slacht dat earder op it oantinken oan pine as oan de gewenning oan pine sels.

It libben dat wy kenne is in ôfwikseling fan fleurige en minder fleurige mominten. Yn dat libben bestiet gjin ûneinich lijen. De fantasy fan ûneinich lijen heart yn it ryk fan de spekulaasje thús. Fantasy moat fantasy bliuwe. En wat der nei de dea komt, witte wy net. Sadwaande hoege lytse jonkjes en grutte minsken net op it fuottenein om te krûpen wylst se ompakke mei fragen dy’t gjin basis yn it libben fan al-den-dei ha. Ha fertrouwen.

maart 26, 2015 13:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaske Hiemstra maart 29, 19:22

    fantaseare oer hoe leuk it wurde sil, dat is ek moai! Mei dat fertrouwen fan jo fansels

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.