Basken drave foar harren taal

maart 31, 2015 01:12

De 19e Baskyske draafwedstryd Korrika wie de suksesfolste oant no ta. De wedstryd wurdt alle twa jier hâlden en lûkt altyd tûzenen minsken dy’t ôfstannen drave tusken de kilometer en tsientallen kilometers. It parkoer fan de tocht wie dit jier 2500 kilometer. Snein kamen de lêste dielnimmers oer de einstreek.

De dielnimmers wurde sponsore foar har dielname en it jild dat se sa byinoar drave, is ornearre foar Baskysktalige aktiviteiten. De organisaasje rûst dat der likernôch 800 tûzen euro oan sponsorjild byinoar kaam is. 10% dêrfan giet nei Frânsk Baskelân, de rest nei it súdlike part fan Baskelân yn Spanje.

 

maart 31, 2015 01:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.