Amerikaanske steat wol houlik ôfskaffe as homo’s boaskje meie
Resint ferskynd
In pear konservative kristlike steaten yn ‘e Feriene Steaten sykje fertwivele om mooglikheden om it homohoulik te kearen. Koartlyn ferbea de heechste Amerikaanske rjochter steaten om homo’s it boaskjen ûnmooglik te meitsjen. Yn Oklahoma hat it parlemint dêrom begjin maart besluten om it boargerlik houlik ôf te skaffen. As de senaat dat foarstel goedkart, meie allinne geastliken tenei houliken slute.
Dat is gjin ferbod op it homohoulik, mar it hat wol fierhinne deselde gefolgen. Homopearen dy’t trouwe wolle, moatte no in geastlike sykje dy’t it houlik foar harren slute wol. De konservative geastliken yn ‘e steat sille dat net op grutte skaal dwaan wolle.
Underwilens hat lykwols bliken dien dat der gjin offisjele beropseasken steld wurde oan geastliken, se hoege sels net leauwich te wêzen. Se moatte allinne in fergunning oanfreegje. De earste net-leauwige ‘geastliken’ hawwe dy fergunning al binnen. In makelder seit: “As de senaat dizze wet goedkart, krantsje ik oeral om dat ik homohouliken slút.”
Sekularistyske organisaasjes wize derop dat de wet noch in oar gefolch hat: beskate religieuze groepen, bygelyks mormoanen en moslims, karre polygamy goed. Houliken mei mear as ien persoan soene dêrtroch ek rjochtsjildich wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje