50 plus: ûnienigens oer takomst Fryslân

maart 14, 2015 09:55 Fernijd

Wat it bestean bliuwen fan Fryslân as bestjoerlike ienheid oangiet liket der ferskil fan miening te wêzen tusken de Fryske 50 plus en de lanlike. Yn it Fryske spearpunten programma stiet: ‘Fryslân is en bliuwt in selsstannige bestjoerlike ienheid (evt. as in soarte fan supergemeente) mei tawiisde taken en it dêrby hearrende  foech’. Yn it lanlike stiet: ‘Provincies voorlopig nog nodig. In de afgelopen Statenperiode heeft het Kabinet tevergeefs geprobeerd een vermindering van het aantal provincies op gang te brengen. Op zich jammer vindt 50 plus’. In stribjen nei mear wetjaand foech foar Fryslân komt yn it program fan 50plus ek net foar.

Yn it (Nederlânsktalich) spearpunteprogram fan 50 plus wurdt oer kontakten en fertsjintwurdiging fan Fryslân yn De Haach en Brussel  neat sein. As it oer gearwurkjen mei oare provinsjes giet wurdt  SNN net neamd.  It IPO (Interprovinciaal Overleg) wurdt neamd om meiïnoar te protestearjen op it mêd fan belêstingsferhegings.

In rommer en bestendich brûken fan it Frysk yn taal en skrift by de oerheid sels en by sosjaal-maatskiplike organisaasjes hat gjin plak krigen yn it program fan 50 plus. Sa wurdt it Frysk yn it ûnderwiis net neamd  en ek net de trijetalige skoalle. 50 plus pleitet foar it mear brûken fan it Frysk yn de deistige omgong: ’50 plus Fryslân hat as spearpunt it stimulearjen fan de Fryske taal en kultuer en it stribjen der boarch foar te stean dat it in plak hâldt yn de mienskip’.

maart 14, 2015 09:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.