15.000 Berjochten op It Nijs

maart 29, 2015 13:49

Logo ItNijsOp sneon 28 maart stienen der presys 15.000 nijsberjochten op de Frysktalige nijswebsite www.itnijs.nl; in bysûnder heech oantal foar in side yn in minderheidstaal. It fyftjintûzenste berjocht gie oer Friezen om utens en Fryske kriten yn Nederlân. De side is online gien op 16 augustus 2009 en ôfrûne hjerst hielendal yn in nij jaske kaam. It ferskil mei oare Frysktalige websiden is dat op It Nijs net allinne Frysk nijs stiet, mar ek nijs út Europa en de rest fan de wrâld.

Fan it begjin ôf

It Nijs is in idee fan de Ried fan de Fryske Beweging. It hat as doel om minsken mear Frysk lêze te litten en it Frysk mear sichtber te meitsjen op it ynternet en sosjale media. Yn 2009 is in groepke fan fiif frijwilligers ûnder lieding fan Meidert Tjerkstra begûn mei it online setten fan in stik as fiif nijsberjochten deis; letter naam Kees van der Beek it oer. It Nijs is útgroeid ta in side mei gauris mear as tsien berjochten deis, skreaun troch mear as tweintich frijwilligers. It Nijs profilearret him ynhâldlik mei in soad nijs oer (minderheids)talen, wittenskip en kultuer. Stephan Berger tekenet trije kear wyks in ‘Opfrysker’, de Fryske Akademy skriuwt alle wiken in Taalbaas-tip en Eric Hoekstra, Sybren Singelsma en Pyt Kramer hearre by de groeiende groep fêste kollumnisten.

Besikers

Yn de ôfrûne seis jier binne de besikerssifers fan de webside stadich omheech gien. Alle dagen wurdt likernôch 900 kear in artikel oanklikt, goed 20% mear as in jier earder. 90% Fan de besikers komt út Nederlân. It Nijs hat goed 2000 freonen op Facebook en mear as 1900 folgers op Twitter.

Op de sojale media fan It Nijs wurdt de kommende dagen sjen litten hokker berjochten de lêste tiid populêr wiene by de lêzers.

maart 29, 2015 13:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.