Wa’t oan God tinkt, nimt mear risiko’s
Resint ferskynd
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- Yn Ljouwert en Achtkarspelen wenje measte smokers fan Fryslân 0
- Eland yn Stockholm deasketten nei blokkearjen metro 0
- ‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is 0
Wa’t oan in god tinkt, doar mear. Dat hat bliken dien út ûndersyk fan de Amerikaanske Stanford-universiteit. Neffens de ûndersikers meitsje tinzen oan in godlike macht dat minsken har troch dy macht hoede en noede fiele. Dêrtroch nimme se in grutter risiko as oars.
By ien eksperimint krigen 900 proefpersoanen te hearren dat se kieze mochten út twa moolkheden: se koene in lyts dofke jild winne as se it oandoarsten om in skoftsje nei in tige ljocht objekt te sjen, dat moolk de eagen skansearje koe. Se koene ek like lang nei in ûnskuldich objekt sjen en dan neat fertsjinje. In part fan de proefpersoanen wie yn it foar oan it tinken brocht oan in god, bygelyks troch in religieus ferhaal te lêzen of troch in puzel te meitsjen mei wurden deryn dy’t mei it leauwe te krijen hiene. Fan harren wie 95% ree om de eagen te skansearjen. Fan de oare proefpersoanen wie dat 84%.
God wol datsto minsken omkeapest!
By in oare proef die bliken dat minsken dy’t oan in god tocht hiene earder op links klikten fan advertinsjes foar nuodlike sporten, lykas skydiving. Proefpersoanen dy’t yn ‘e advertinsje op it spoar fan in god setten wiene, wiene ek ree om op advertinsjes foar ymmorele saken te klikken, bygelyks as der by in link stie God wit watsto wolst! Lear no hoest minsken omkeapje kinst!
Morele komponint
Earder ûndersyk hie just sjen litten dat minsken wa’t godlike macht yn it sin brocht wie, minder de oanstriid hiene en nim risiko’s. Neffens ûndersyksliedster Daniella Kupor komt dat trochdat dat ûndersyk him rjochte op risiko’s mei in morele komponint, lykas tefolle sûpe of gokke.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Psychological Science. Klik hjir foar in gearfetting.
Dat is dan in simpel ûndersyk en net trochtocht. Leauwige minsken oriïntearje har breed en wolle witte, wat oaren dogge. Net allinnich tsjerklik, mar ek steatkundich en maatskiplik. Dat se klikke op in webstee mei ymmorele ynhâld betsjut dus net simpelwei, dat se mei dy ynhâld meigean wolle, mar dat se witte wolle wat der rûnom bart en wêr’t se yn de maatskippij steane.
Sadat se net samar omfier falle, wannear’t der werklik ymmorele dingen om har hinne spylje, mar der klear foar binne om der wat oan te dwaan.