Welske film Y Syrcas komt nei Fryslân

febrewaris 11, 2015 14:30 Fernijd

Op sneon 21 febrewaris presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Slieker Film tegearre de priiswinnende Welske film Y Syrcas (It Sirkus). Y Syrcas wûn ferline jier de sjuerypriis én de publykspriis op it 5de European Minority Film Festival yn Noard-Fryslân yn Dútslân.

De film giet oer it alderearste reizgjende sirkus dat, mei oaljefant en al, yn 1848 troch Wales reizge, in kultuerskok fan komsa foar de doetiids tige leauwige plattelânsbefolking. Neffens de dûmny fan Tregaron is de duvel yn it spul. Hy wol dat it sirkus wer fuortgiet, mar kin net foarkomme dat syn eigen dochter Sara folslein yn ‘e besnijing rekket fan de nijkommers en harren oaljefant.

De sjuery fan it Minority Film Festival wie loovjend oer de film: ‘Dizze film hat wat magysks oer him en is in fisueel aventoer. In belangryk ferhaal wurdt ferteld yn prachtige bylden.’

De film draait op 21 febrewaris, de ynternasjonale memmetaaldei fan de Feriene Naasjes. De film hie regisseur Kevin Allen net yn it Ingelsk meitsje kinnen. Hy seit: “Sûnder de meldij, klankrykdom en tinkwize fan it Welsk wie Y Syrcas in folslein oare film wurden.”

Njonken Welsk wurdt yn de film ek Iersk, Frânsk, Ingelsk en Yorûba (in Afrikaanske taal) praat. De film hat ûndertitels yn it Ingelsk en is geskikt foar alle leeftiden. It is de twadde kear dat EBLT en Slieker Film tegearre in produksje yn in minderheidstaal presintearje: ferline jier waard de Katalaanske dokumintêre ‘Son bojos aquests Catalans’ (Nuvere lju, dy Katalanen) fertoand op 21 febrewaris, doe mei ûndertitels yn it Frysk.

De film wurdt twa kear draaid, op sneon 21 febrewaris en op tiisdei 24 febrewaris.
Tiid: 15.00 oere
Plak: Slieker Film (yn it Fries Museum) oan it Saailân yn Ljouwert
Klik hjir foar mear ynformaasje.

febrewaris 11, 2015 14:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.