Deadlike oanslach op Charlie Hebdo-lêzing Kopenhagen (oanfolle)
Resint ferskynd
Yn de Deenske haadstêd Kopenhagen hawwe ûnbekenden it fjoer iepene op it gebou dêr’t in debatmiddei geande wie nei oanlieding fan de moard op ‘e redaksje fan Charlie Hebdo. Op syn minst ien persoan is dêrby dearekke en trije plysje binne ferwûne.
De middei yn kultureel sintrum Krudttønden (‘It krûdfet’) hie as titel ‘Kunst, blasfemi og ytringsfrihed’ (‘keunst, blasfemy en uteringsfrijheid’). Under de oanwêzigen wie de Frânske ambassadeur yn Denemarken, François Zimeray, FEMEN-foaroanfrou Inna Sjevtsjenko, satireûndersiker Dennis Meyhoff Brink en de Sweedske cartoonist Lars Vilks, dy’t yn 2007 ien fan ‘e omstriden karikatueren fan de profeet Mohammed tekene hat foar de Deenske krante Jyllands Posten. In soad islamityske lannen hawwe doe de diplomatike bannen mei Denemarken ferbrutsen. Der waard geweld brûkt tsjin Deenske ynstellings en ek yn Westerske lannen wiene demonstraasjes fan islamiten tsjin de cartoons. Klik hjir foar in oersjoch fan alle aksjes: link.
Der hawwe ferskate oanslaggen op Vilks syn libben west, sûnt de islamityske terreurbeweging Al-Kaida in priis op syn holle set hat. De Deenske plysje hat buorkundich makke dat Vilks nei alle gedachten it doel fan de oanslach wie.
Om healwei fjouweren hinne hearden de oanwêzigen sjitterij by de yngong fan it gebou. Inna Sjevtsjenko hâlde doe krekt in lêzing. In man mei in sjaal foar syn gesicht skeat op ‘e glêzen pui fan it gebou. Dêrby rekke yn de foyer in soad skansearre. Nei alle gedachten is doe ek it deadlike slachtoffer fallen. Der wiene seis of sân plysjes yn it gebou. Dy kamen fuort yn aksje. Trije fan harren rekken ferwûne. Der binne sa’n tritich kûgelgatten teld. Oanwêzigen hearden hoe’t de skutter of in hantlanger de islamityske gjalp ‘Allahû akbar’ (God is grut) raasde. De Deenske plysje makket jacht op twa manlju. Hja wiene útnaaid yn in donkere Folkswein Polo. Dy is wilens fûn.
De wierskynlike dieder wurdt troch tsjûgen omskreaun as in man mei in Arabysk uterlik. De Deenske plysje hat de ûndersteande foto fan de man ferspraat:
Klik hjir foar mear nijsberjochten oer Charlie Hebdo.
Grif hawwe dizze dieders in minne jeugd hân. Earme jonges ek. Der is ek neat struktureels oan dit religieuze geweld. It is in ynsidint en stiet op himsels. Sawat de helte fan alle moslims yn Nederlân stipet it idealisme fan dizze idioaten, mar ach, neat om ûnrêstich fan te wurden.
Komt der no wer in ekstra edysje oer
de profeet fan de Jyllan Posten?