‘Taalstaking’ om gebrûk Iersk yn Europeesk Parlemint

febrewaris 19, 2015 17:47

It Ierske europarlemintslid Liadh Ní Riada hat buorkundich makke dat se boljeie sil. Nee, se leit it wurk net del, mar se ferbrekt har achttjin dagen lang net. De kar fan de datums is symboalysk: se begjint op 1 maart en praat wer oare talen nei 17 maart. Dat binne de begjin- en eindei fan it jierlikse Ierske taalfestival Seachtain na Gaeilge. Yn dy perioade binne der yn Ierlân en om utens in grut tal aktiviteiten dy’t mei it Iersk te krijen ha. Alle Ieren leare Iersk op skoalle, mar allinne yn in pear saneamde Gaeltachtgebieten is it Iersk noch de gewoane omgongstaal. Yn de rest fan Ierlân wurdt meast Ingelsk praat.

Reden

Reden foar de ‘taalstaking’ is dat it Europeesk Parlemint it gauris ûnmooglik makket en praat Iersk, wylst Iersk wol ien fan ‘e offisjele talen fan ‘e Europeeske Uny is. Formeel hat frou Ní Riada it rjocht om har memmetaal te brûken, mar der binne hast noait tolken om wat se seit yn de oare Europeeske talen oer te setten. Se seit: “It makket my tryst dat ik as folksfertsjintwurdiger, as Ierske en as Iersktalige frou út de Gaeltacht myn eigen taal net brûk kin op myn wurk. Ik ha myn nocht derfan dat der heeltyd oan it begjin fan gearkomsten sein wurdt dat der oersettingen beskikber binne yn ‘alle talen’, mar fansels heart it Iersk dêr dan net by en is dêr net oan tocht.”

Wurkgelegenheid

“As it Iersk serieus naam wurdt”, sa seit se, “dan betsjut dat dat der 188 fakatueres ûntsteane dy’t de Europeeske Uny net folle kostje, mar dy’t wol fan grutte betsjutting binne foar de Ierske taal en de Iersktalige minsken út de Gaeltacht-regio’s. It iennichste wat dien wurde moat, is dat it Ierske regear in formeel fersyk stjoert oan ‘e Europeeske ministerrie om dy fakatueres te skeppen.”

Falbiledatum

It driuwt al wat, sa seit de europarlemintariër, want as Ierlân dit jier net om de oersetfasiliteiten freget, dan kin dat earst yn 2020 wer. Frou Ní Riada makke har stakingsplan tiisdei buorkundich op in kongres oer taalrjochten yn Dublin. Se seit dat in protte europarlemintsleden út oare lannen it plan stypje.

Liadh Ní Riada is berne yn 1966. Se is sûnt maaie 2014 lid fan it Europeesk Parlemint foar Sinn Féin. Earder wie se taalfunksjonaris foar dy partij en hat se by de Ierske televyzje wurke. It Iersk hie jierrenlang in twadderangsstatus yn it Europeesk Parlemint, mar sûnt 2007 is it in folsleine offisjele taal en moatte der oersetfasiliteiten foar wêze.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer meartaligens yn it Europeesk Parlemint.

febrewaris 19, 2015 17:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.