Sykje mei Google

febrewaris 25, 2015 15:11

In Fryske ferzje fan Google bestie al mar no hat de taal ek in eigen domeinnamme krigen. De Fryske ferzje fan de sykmasine is fanôf no offisjeel te finen op it domein Google.frl. It is lykwols wol sa datst nei it ynfieren fan it domein automatysk troch giest nei Google.nl mei in parameter om de Fryske taal te aktivearjen.

Ferschil mei de Nederlânske ferzje is dat de âlde swarte navigaasjebalke boppeoan te sjen is mei mar in bytsje links. As earste stiet der in link nei de regulire sykmasine, derneist in link nei Ofbyldings (Google Afbeeldingen) en as lêste in link nei blogtsjinst Blogger.

Nei ‘t ynfieren fan in sykopdracht en it klikken op Sykje mei Google (Ik doe een gok = Lok wat jouste) folget de side mei sykresultaten dy’t ek yn ‘t Frysk is wat de opsjes oanbelanget boppeyn en de navigaasje ûnderyn. Google Afbyldings is ek yn ‘t Frysk.

De domeinekstinsje .frl spesifyk rjochte op Fryske ûndernimmings en persoanen bestiet pas offisjeel sûnt begjin septimber ferline jier en dizze nammen wurde uitjûn troch FRLregistry. It earste aktive domein kaam online op 2 septimber, dit wie nic.frl. Yn 2006 waard oars it domein .fy al ris lansearre as 1 april-grap, de nammen soenen útjûn wurde troch de Stifting Internet Domeinnammeregistraasje Fryslân (SIDF).

Ferline jier waard noch oankundige dat it mooglik wurde soe om Frysk oer te setten mei Google Translate, dizze mooglikkheid is spiternôch oat no noch net beskikber.

febrewaris 25, 2015 15:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma febrewaris 25, 21:03

    Eins fyn ik, dat Google op dizze wize goedkeap reklame makket. De oersette wurden binne suver op twa hannen te tellen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.