Staveringssurprizes 1: ‘mei de moter op fekânsje’

febrewaris 28, 2015 11:00

De ôfrûne jierren hat de Fryske Akademy in nije stavering foar it Frysk ûntwikkele. Yn jannewaris hat de provinsjale polityk besletten om dy te brûken en op 2 febrewaris is foar brûkers fan dy nije stavering de site taalweb.frl iepenbier makke. Wa’t wend wie om de skriuwwize fan in wurd út de besteande wurdboeken of út learmateriaal fan de Afûk of de NHL te heljen, sil tenei in soad oars dwaan moatte. De diskusje oer útnoegje/útnûgje en televyzje/telefyzje is sa stadichoan wol bekend. Yn dizze rige fan tolve artikels besprekt Henk Wolf oare gewoane skriuwwizen dy’t foar folgers fan de nije Akademy-stavering net tastien binne.

Oflevering 1: ‘mei de moter op fekânsje’

Wa’t de gebrûksoanwizing foar yn it Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk lêst, sjocht dat er neist famylje ek femylje skriuwe mei, neist sigaar ek segaar, neist muzyk ek mezyk. Dy frijheid giet werom op de staveringregeling foar frjemde wurden fan 1982. Dêr stiet yn:

“As de útspraak der oanlieding ta jout, mei njonken de stavering mei it folle lûd (sûnder klam) ek dy mei e (stomme e) brûkt wurde.” (regel 1b)

Dat mei net yn de nije Akademy-stavering. Skriuwwizen lykas moter, fekânsje en pelysje binne dêryn net tastien. De nije regeling yn de paadwizer op taalweb.frl seit:

“yn sprektaal wurde folle lûden gauris ferswakke ta it /ə/-lûd. Bygelyks, garaazje wurdt útsprutsen as geraazje of sels graazje. Dy ferswakking wurdt net yn de stavering honorearre. Lykwols binne der útsûnderingen, bygelyks knyn en plysje. De redusearre foarm is dêr sa ynboargere dat de oarspronklike foarm konyn respektyflik polysje net mear brûkt wurdt.”

De staveringshifker is net sa konsekwint as de regel ús wiismakket. De folle foarm polysje krijt net de reade streek fan ‘folslein ferkeard’, mar in blauwe streek fan ‘net-standert’, wylst ‘konyn’ wol helendal ferkeard rekkene wurdt. Redusearre foarmen lykas ‘moter’, ‘abslút’ en ‘mezyk’ krije ek in reade streek, mar ‘fekânsje’ mei nuver genôch wol wer. Sjoch it plaatsje hjirûnder.

febrewaris 28, 2015 11:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jan Hiemstra maart 5, 15:56

    De oankundige rige artikels kin nijsgjirrich en ynstruktyf wurde, mar dat de skriuwer de staveringsregels persoanlik belibbet yn de sfear fan ‘net tastien’ en ‘moatte’, is my frjemd. As er sa graach oars skriuwe wol as yn de gongbere stavering, dan moat er dat foaral dwaan. Der bestiet by myn witten gjin staveringspolysje. Hy rint lykwols wol de kâns dat guon syn teksten net lêze wolle. Ik fyn it sels lestich lêzen as stikken yn in ôfwikende stavering skreaun binne.
    Sa’n fyftich jier lyn wiene dernochal wat minsken dy’t yn it Nederlânsk sa graach ‘logies’, ‘prakties’ en ‘sirkus’ skriuwe woene. Doe’t it saneamde Groene Boekje útkaam, hawwe de measten de moed mar opjûn yn har stribjen om de Nederlânske stavering te modernisearjen.
    Yn oare talen hawwe minsken ek har persoanlike of regionale útspraakfarianten, mar as dy ek allegearre yn de skreaune taal honorearre wurde soene, dan waard it lêzen der net ienfâldiger op. Yn in roman of in ferhaal kin it aardich wêze om yn sitaten útkomme te litten hoe’t de sprekker it útspriek, mar yn teksten dy’t foar algemien gebrûk bedoeld binne is it inkeld mar lestich dat in skriuwer beklamje wol hoe’t syn eigen útspraak is.

  2. Henk Wolf maart 5, 17:58

    Bêste Jan Hiemstra,

    De frazen ‘net tastien’ en ‘moatte’ slagge op in selskeazen ferplichting foar wa’t de nije offisjele stavering brûke wol. Yn de rige artikels beskriuw ik hokker foarmen út de ‘gongbere stavering’ foar dy persoan net mear tastien binne.

    Fan dy rige is hjoed ôflevering 6 ferskynd. Der komt alle dagen in ôflevering út. It tema is alle kearen: hokker ynboargere skriuwwizen strike net mei de regels dy’t de Akademy betocht hat. It tema ‘honorearjen fan persoanlike of regionale útspraakfarianten’ stiet yn net ien dêrfan sintraal.

    Mei freonlike groetnis,
    Henk Wolf

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.