SjONG 2015: 130 dielnimmers

febrewaris 25, 2015 09:15 Fernijd

Mear as 130 jongeren hawwe har ynskreaun foar SjONG 2015. Dat komt del op 23 bands en solisten dy’t audysje dogge en 36 bydragen dy’t allinne meidogge foar de tekstpriis. It Frysktalige sjongfestival SjONG is foar jongerein tusken 12 en 18 jier fynt dit jier foar de sechsde kear plak.  

Fan de acts dy’t audysje dogge begeliedt de helte harsels mei eigen ynstruminten, de oare helte sjongt op in orkestbân. Alle dielnimmers hawwe in eigen Fryske tekst skreaun op in besteand popnûmer. Der is ien dielnimmer dy’t ek de muzyk sels skreaun hat. Yn totaal dogge der 15 middelbere en MBO-skoallen oan mei. By SjONG binne prizen te winnen foar de bêste útfiering en de bêste tekst. It twajierlikse festival wurdt organisearre troch Cedin.

Audysjes

De audysjes fan SjONG binne op 9, 10 en 11 maart yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. In sjuery, besteande út Raynaud Ritsma en Jort Landman (Vangrail), siket 10 finalisten út dy’t trochmeie nei de finale. De audysjes wurde filme troch studinten fan de oplieding Televisie en Mediaproducties. Elk krijt sa syn eigen fideoklip. Dy komme nei de foarrondes op YouTube te stean.

Ekstra optreden finalisten

De tsien finalisten meie tusken audysjes en de finale optrede by Noardewyn fan Omrop Fryslân. Dy optredens wurde live útstjoerd op radio, tv en ynternet.

Finale

De finale fynt plak op sneon 11 april om 19.30 oere yn Theater Sense yn Dokkum. De finalisten wurde  op dy finale tarieden mei in workshop fan Raynaud Ritsma. Janneke Brakels, Elske DeWall en Sjoek Nutma foarmje de sjueryleden en sille útmeitsje wat de trije bêste optredens binne. Dêrneist is der in tekstsjuery, skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. Sy beoardielje de ynstjoerde teksten en kieze de bêste songtekst út. De tekstpriis wurdt by de finale bekend makke. Dêrneist is der in SjONG-YouTube-priis, de priis foar it bêst besjoene filmke fan SjONG 2013. Alle filmkes binne te sjen op it YouTubekanaal fan Cedin/Meartaligens: www.youtube.com/taalsintrum.

Cedin en Friese Poort Drachten

Cedin wurket foar SjONG gear mei in tal opliedingen fan ROC Friese Poort Drachten. Sa binne lûd en oanklaaiïng fan it poadium yn hannen fan studinten Podium- en Evenemententechniek, studinten Onderwijsassistent Muziek jouwe in workshop oan de dielnimmers, studinten Televisie en Mediaproducties filmje de audysjes en studinten Art en Design ûntwikkelje bylden foar sosjale media.

febrewaris 25, 2015 09:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.