Noch in deade by sjitterij op Deenske synagoge (oanfolle)
Resint ferskynd
Foar de twadde kear yn minder as 24 oeren is de Deenske haadstêd Kopenhagen opskrille troch in bewapene oanslach. Nei de oanslach op in temamiddei oer it frije wurd (link) op sneontemiddei is yn de nacht fan sneon op snein de synagoge yn de Krystalgade ûnder fjoer nommen. Dêr wie in barmitswa geande.
Ien persoan is by de oanslach dearekke, twa plysjes krigen kûgels yn ‘e earms en skonken. De dieder is dravend útnaaid. De plysje ret elkenien yn ‘e binnenstêd oan en bliuw binnendoar, mei’t de flechtfuottige gefaarlik wêze kin. In metrostasjon deunby is ûntromme. It is net dúdlik oft de twa oanslaggen mei-inoar yn ferbân steane.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje