Russyske opposysjelieder Nemtsov deasketten

febrewaris 28, 2015 12:27

Boris Nemtsov, in wichtige foaroanman fan ‘e Russyske opposysje, is freedtejûn yn ‘e binnenstêd fan Moskou deasketten. Neffens Russyske media is er fjouwer kear yn it boarst rekke en op it plak fan ‘e die ferstoarn. De dieders binne flechtfuottich.

Presidint Vladimir Poetin hat de moard skerp feroardiele. Hy seit dat dy liket op in hiermoard en dat de dieders der moolk op út binne en provosearje it regear. Hy hat de Russyske feilichheidstsjinsten de opdracht jûn om de moard te ûndersykjen.

Neffens tsjûgen rûn Nemtsov oer in brêge net fier fan it Kremlin, doe’t der in groep minsken út in auto stapte en op him begûn te sjitten.

De 55-jierrige Nemtsov wie fan 1997-1998 fise-premier fan Ruslân, ûnder Boris Jeltsin. Hy hie de reputaasje fan in tige fetsoenlik politikus. Letter waard er in fûl kritikus fan Poetin. De ôfrûne tiid hie er benammen gâns krityk op Poetin syn belied oangeande de Oekraïne. Hy is fan betinken dat Poetin de striid tusken opstannelingen en oerheid yn ‘e eastlike Oekraïne útlokke hat. Nemtsov hat oan ferskate anty-Poetindemonstraasjes meidien en is dêr ek in pear kear foar oppakt. Snein soe er ek meidwaan oan in demonstraasje.

Begjin febrewaris hat Nemtsov in artikel publisearre dêr’t er syn eangst útspruts foar in oanslach troch it regear op syn libben. Nemtsov bemuoide him yngeand mei de Oekraynske boargeroarloch en wurke oan in ûndersyk nei de rol fan it Russyske regear dêryn.

Foto: Wikipedia (CC)

febrewaris 28, 2015 12:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.