Ruslân uteret fûle krityk op Westersk Oekraïnebelied

febrewaris 7, 2015 14:58

De eskalaasje fan it geweld yn ‘e Oekraïne is de skuld fan it Westen. De Feriene Steaten en Europa hawwe Ruslân 25 jier lang provosearre. Dat seit Sergej Lavrov, de minister fan útlânske saken fan Ruslân. Lavrov die syn útspraak op in kongres oer feiligens yn München.

Neffens de minister binne de Feriene Steaten obsedearre troch de winsk om raketten yn Europa te pleatsen en hâldt en draacht dat lân him al in fearnsieu as arrogante winner fan de Kâlde Oarloch. Lavrov lekket it “stribjen nei wrâldhearskippij” fan ‘e Feriene Steaten.

It Amerikaanske plan om it Oekraynske regear wapens te leverjen laat neffens Lavrov allinne mar ta mear geweld. Hy ferwyt de Europeeske Uny dat dy it gebrûk fan geweld troch de oerheid tsjin de rebellen fan it begjin ôf stipe hat. Lavrov seit dat er al wat hope hat dat it kongres liede kin ta oanrekommandaasjes foar ûntspanning yn ‘e eastlike Oekraïne.

Foto: Wikipedia / Russysk ministearje fan útlânske saken (CC)

febrewaris 7, 2015 14:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Luitzen febrewaris 11, 14:01

    *25 jier lang
    *útspraak
    *fearnsieuw

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.