It Riedsel

febrewaris 28, 2015 08:30 Fernijd

It is in riedsel dat alles dat der is, der is. In wûnder, as jo wolle. Miskien wol it iennichste wûnder dat der is. Mar ien wûnder is genôch.

Op in stjerheldere nacht bist bûten, sjochst omheech yn ‘e Uneinichheid fan it hielal. Sjochst it ljocht fan stjerren ûnfoarstelber fier hjirwei. Dy stjerren besteane misskien sels al net mear, mar har ljocht is noch altyd ûnderweis. Ast de lytsens oertinkst fan dysels yn ‘e ûneinige grutte fan it hielal, dan grypt it dy miskien yn it moed. It ûntsach kriget dy by it hert en fielst in emoasje fan achting foar de ûneinige gruttens fan it Riedsel dêrsto in ûneinich lyts, ûneinich grut stikje fan bist.

Miskien betinkst dat it in wûnder is dat it lytse stikje hielal datsto bist, dizze earbied fielle kin en dizze tinzen tinke kin. Sa’n ûneinich lyts stikje fleis en bloed dat tinke en fielle kin! En as fansels kin it idee ûntstean dat it ûneinige hielal wiist nei, ferwiist nei in ûneinich Wêzen.

It Ûneinich Wêzen, is it in Persoan mei emoasjes? Fielt Er grime, oergeunst en tefredenens? Jezus, Allah of Jaweh? Of is Er sawol persoanlik as boppe-persoanlik? Krishna of Boeddha? Of is Er in ûnpersoanlik basisprinsipe dêr’t alles út wei komt? De Tao? The Force? Sille wy Him mei Plato sjen as it Goede? It Godlike? De Godheid? Oan nammen gjin gebrek en elke namme bringt syn eigen web fan assosjaasjes en metafoaren mei.

Mar mei it Riedsel begjinne wy. Sels ateïsten begjinne mei it Riedsel. Wittenskippers jouwe oan it Riedsel de namme fan Big Bang, en tinke dat se wat ferklearre ha. Mar de Big Bang smyt inkeld nije fragen op. It is mar in kantsje fan it Riedsel, krekt sa’t do en ik kantsjes fan it Riedsel binne. En miskien binne do en ik wol gruttere kantsjes fan it Riedsels as in domme ûntploffing fan jierren ferlyn.

Moatte wy by it Riedsel ophâlde? Nee, hear, wy meie altyd neitinke en ideeën útwurkje. Alle wittenskip begjint as fantasy, as it tinken oer in mooglikheid. As it weevjen fan in web fan tinzen, dat hast in keunstwurk is, en soms liket it keunstwurk op de wurklikheid.

Mar mei it Riedsel begjinne wy alle dagen, as wy wekker wurde, as it bewustwêzen der wer is. It soe ús alle dagen fernuverje kinne, dit Riedsel.

EH

febrewaris 28, 2015 08:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.